fan Lambert Jacobsz.*
Gechazy koe net by ’t profetewurd
dat troch Eliza sprutsen wie,
mar rikte maklik nei geskinken;
dus kaam hy daliks ta de die,
sa wier de Iene libbet, moast er fuort.
De tsjinner liet al troch him hinnegean
wat hy nei foaren bringe moast:
twa jonge gasten as ferlechje,
sy wiene foar him as in foarst
mei blinkend sulver en twa pakken klean.
Naäman, wend oan lean nei’t wurke is,
joech dûbel nei wat frege waard,
Gechazy wie mear as tefreden,
hy gie mei dragers op ‘en paad,
mar wie oer wat noch foar him lei net wis.
Eliza frege nei Gechazy’s gean,
dochs wist syn geast de wierheid al
by ’t klinken fan de twadde leagen;
de tsjinner, fan geskinken fol,
waard wyt as snie fan hollekrún oant tean.
* Lambert Jacobsz. (1598-1636)
Skilderij ‘Eliza en Gechazy’
|