fan Cornelis Engbrechtsz.
Naäman, Arams generaal,
hie wite plakken op ‘e lea:
melaatsk, wat fierde nei de dea,
mar ’t libben spriek in oare taal.
In finzen faam út Israel
wist fan Eliza, de profeet,
dy koe wol helpe út ‘e need,
by him wie ’t wapen net yn tel.
De foarst fan Aram skreau in brief
oan syn kollega, fijân earst,
mar maat yn need it aldermeast
as ’t slagge mei Naämans liif.
De foarst fan ’t folk fan Israel
seach ’t as in list, wie yn panyk:
woe syn kollega him as lyk?
Hy joech him net mear noflik del.
Eliza stjoerde in berjocht,
hy wie op ’t lêst profeet fan God
en gie ek oer Naämans lot,
’t wie de Jordaan dy’t útkomst brocht.
Gjin wapen kaam deroan te pas,
mar tellend waskje, wol sân kear,
Naäman wie der gau mei klear:
hy telde net, hold oan syn jas.
Syn tsjinners seagen wol de sin
fan sân kear yn de baairivier,
Naäman telde libbenswier:
nei sân kear wie syn lichem skjin.
* Cornelis Engbrechtsz. (sirka 1462-1527)
Skilderij ‘Genêzing fan Naäman’
|