fan Pieter de Jode (I)*
Mem
’t Widdolibben falt net ta,
twa jonges ha ik op ‘e noed,
sy wurde slaaf fanwege skuld,
sa wol men dat as mem net ha.
Soan
Learde heit net foar profeet?
Dan komt it ommers altyd goed,
it is net mem har eigen skuld,
Eliza helpt wol út ‘e need.
Eliza
Stiet dêr net in oaljekrûk?
Dat bytsje oalje wurdt in floed
yn pôt en panne, fiel gjin skuld,
it is gjin algemien gebrûk.
Mem
’t Lege libben rekket fol
as oalje floeit, wat jout wer moed,
it streamen makket frij fan skuld,
it kin om my as mem sa wol.
* Pieter de Jode (I) (1570-1634)
Tekening ‘Eliza en de widdo’
|