De tunnel troch wie net myn doel,
ik moast him dochs wol nimme
om’t er yn de rûte foel
fan ’t moarntiidstrimmen.
’t Lemieren struide mei it ljocht
dat yn de tunnel strielde,
yn- of útgong ha ik tocht
en hoe’t dat fielde.
De blommen kaam ik doe bylâns,
in buordsje mei wat sinnen,
eigen skuld of eins gjin kâns,
hy gie allinne.
Wat wie der doe’t er samar gie,
in tunnel by ’t lemieren
of syn hiele libbenstrie
op dizze ierde?
|