Wylst blauwe buorden wize ûnder
it ferkear de rjochting oan
– in stadich riden yn de file –
kleuret yn de iere moarn
de sinne ’t beamtebrún foar wûnder
– stilsteand rikken yn de rige.
Wylst beammen rikke nei de himel,
eksposearjend ’t skilderij
fan wat de skepping hat te bieden,
bûcht de himel oer de hjerstmispij
fan skildermuonts derûnder, grimel
kleuren mingend foar de ierde.
|