Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Trije kear troud

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1961

Tjerkstra wie syn fan, syn namme Douwe,
yn de ieren al it skippersbloed
doe’t hy op ’t houten skûtsje fan syn broer
yn hannen hie de fokkeskoat en kloet,
foar ’t boarst de beage, heech de mouwen.

Image

Jongfeint Douwe troude mei twa frouwen,
libben troch it bloed en troch de wyn,
syn Eelkje yn de roef, syn skûtsje op
de mar mei turven, dong of modder yn,
de bern as feinten oan de touwen.

Image

Douwe stie oan ’t roer fan mannich skûte,
hie gefoel foar dat in skip wol rûn
en stjoerde ‘Jonge Jan’ fan âlde Poep
nei foaren dat hy waard de kampioen
fan seis skûtsjes op ‘e lange rûten.

Image
links de Poep

Philips frege doe oan skipper Douwe:
‘Wol ús ‘Heale Moanne’ stjoere dat
hy fjirtjin dagen skine mei foar fol.’
De AOW’er like dat wol wat
en sa koe Douwe nochris trouwe.

Image

Alde Douwe sylde as in jonge,
fûl en tûk, men fûn him faak foaryn,
hy seach oer ’t wetter, harke nei it skip
en sette seil en fok fêst nei de wyn
oant alle eleminten songen.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum