| Ut it skûtsje-argyf 1975 
 In skipper wurdt yn ’t silen stjoerd,want nei de finish binne trije plakken:
 foar de kampioen klinkt kleare rom,
 de oaren krije minder lûd,
 de lêste kin syn pet wol pakke.
 Kommisjes hawwe ek in petdy’t heech is by in protte earste prizen,
 leger wurdt by ’t sakjen yn de striid;
 sa wie foar Jaap* de hurde wet
 fan ’t eareplak by ’t roer ferlieze.
 
 Hy hie, sa sei er, wol goed syld,sportyf en net mei ’t mes dwers yn de mûle,
 want it gie him om de sjarme fan
 it skûtsjesilen, minder wyld
 en ek net fan ’t oerdwealske fûle.
 Dêr stie er op ‘e fêstewâl,syn hege skipperspet yn beide hannen,
 it foel him ôf, hy hie ’t net rom:
 dy snotnoas Hedzer** soe ’t wol mâl
 dwaan tusken al dy jonge mannen.
 
 * Jaap Zwerver, de âld-skipper fan Earnewâld** Hedzer Meeter, de nije skipper
 |