Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Starums skûtsjesilen

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2007

Dêr’t Starums frouwe útsjocht oer de see,
de mêsten rize nei de wolken,
dakken kleurje read it âlde stee,
sil wyn de wierheid wreed fertolkje.

Image

De nije slûs rint sân kear seilleas fol
mei skûtsjes dy’t fan need net witte,
’t skippersfolk betellet noch gjin tol,
mar wol himsels wol heger tille litte.

Image

It folk springt by it rizen fluch fan board,
fernimt de wyn en sjocht de weagen,
fielt de blierren fan de fokkeskoat
en wit dat Starums frouwe spuit gjin leagen.

Image

Wylst rint massaal it folk by ’t wetter lâns
en jout him del op Starums hichte,
sjocht de wylde see, besprekt de kâns
fan fjirtjin skippers mei har swiere plichten.

Image

De skûtsjes stampe yn in wolk fan brûs
as hynders oer de hindernissen,
mêsten kreakje, ’t giet wer nei de slûs,
it folk riist op, want ’t moat de wedstriid misse.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum