oktober 1, 2017
Op 1 oktober 2017 yn de Menniste gemeente fan de Jouwer
1. Tarissing
Hjerst en maitiid,
Sinne en wolken,
Stoarm en blakstilte,
Sneon en snein.
Wy libje yn in wrâld mei ferskillen
en dus yn in boeiende wrâld,
mar hoe is dat mei de tsjinstelling
fan terreur en takomst?
Dat is de fraach, wat is it antwurd?
Us help op ’en paad nei it antwurd
komt fan de Skepper fan himel en ierde,
dy’t trou wie en is nei de takomst ta
en trou bliuwe sil oant yn ivichheid.
Amen
2. Sjonge
Psalm 98: 1 en 2
3. Bea
Heare God, wy tankje Jo foar de skepping,
dat lân en see faninoar skieden binne,
dat sinne en wolken inoar ôfwikselje,
dat de kleuren fan de maitiid
hiel oars binne as dy fan de hjerst,
dat de beammen rûzje en de fûgels sjonge
en dat wy as minsken dêrfan genietsje meie.
Mar wy hawwe noch amper in antwurd
op ’e fraach hoe’t it komt mei it klimaat…
ferjou, Hear, wat wy misdien ha
en bring ús op ’en paad nei de oplossing.
Wy binne ek ferlegen mei de fraach fan terreur en takomst…
ferjou, Hear, as wy gjin daam opwurpen ha tsjin geweld
en bring ús op ’en paad nei in takomst sûnder de terreur
fan macht, kapitaal en religieuze gekte.
As it safier is dat it minsdom ta besinning kommen is,
dan sille rivieren yn de hannen klappe
en bergen it útsjonge foar Jo
en wy stimme dêryn mei.
Amen
4. Sjonge
Psalm 98: 3 en 4
5. Ynlieding
Ein augustus wie yn it nijs dat in fjirtjinjierrich famke yn Almere troch har broer deasketten waard. As ik dat hear, giet de grize my oer de grouwe. Dat it libben fan in jongfaam ynienen ôfsnien wurdt, dêr wurdt in minske kâld fan. In waarm, beweechlik lichem waard kâld en soe nea wer oerein komme, ek net opstean út ’e dea. Is dat de terreur fan de moarddiedige dea?
Terreur, terrorisme, it waret yn ús tiid troch Europa hinne: Parys, Brussel, Londen, Barcelona. Yn dy lêste stêd wie ek in jonkje troch de moardwein oanriden. Dy moard waard daliks net bekend makke, om’t de heit syn soantsje earst identifisearje moast. Wat is der troch him hinnegien doe’t er syn dea soantsje seach? In jong libben, fol fan belofte, yn ien klap fan de takomst ôfsnien.
Wêr giet it fan ’e moarn hinne? Wy hawwe al yn twa plakken west: Almere en Barcelona. Dat is de aktualiteit, mar it is goed om ek werom te gean nei it ferline om te fernimmen dat nei terreur, nei de moarddiedige dea en nei de dea fan jonge minsken it libben wer opbloeit.
Wy geane nei Babel om 600 foar Kristus hinne, dêr’t it folk fan Jeruzalem nei ferballe waard. Ien fan harren wie Daniël, dy’t yn it ballingsoard útgroeide ta in sterke persoonlikheid. Dêrtroch brocht er it ta riejouwer fan ferskillende keningen en liet er sjen dat Israel in God hie dy’t it folk takomst joech.
Wy geane nei Jeruzalem, dêr’t yn de twadde ieu foar Kristus sprake wie fan steatsterreur, terreur troch de moarddiedige kening Antiochus IV Epifanes fan Syrië. Syn keninkryk kin men beskôgje as in heidenske foarrinder fan de Islamityske Steat.
Wy reizgje fan ’e moarn ek nei Sarfat, in stedsje by Sidon yn Libanon. De profeet Elia flechte dêrhinne, om’t syn libben gefaar rûn yn it lân fan kening Achab en keninginne Izebel. Al wer steatsterreur? Elia waard asylsiker en fûn asyl yn it hûs fan in widdo en har soantsje, dat ûnferwachts stoar.
Wy komme werom yn it lân fan belofte, yn it stedsje Naïn, dêr’t Jezus mei syn folgelingen ek hinne reizge. Hoewol’t it op it waarmst fan de dei wie, waard Er kâld doe’t Er fernaam wat dêr te rêden wie.
Wis, der wie wat te rêden.
Oan de ein fan de reis oer Almere, Barcelona, Babel, Jeruzalem, Sarfat en Naïn komme wy wer thús op De Jouwer, yn de Menniste gemeente.
6. Lêze
Daniël 9, 14-19
7. Sjonge
Liet 713: 1 en 2
8. Ferkundiging 1
Daniël en Antiochus Epifanes
Wa ken Daniël net, ien fan de belangrykste joadske ballingen yn Babel. Wa kin it ferhaal fan Daniël yn de liuwekûle net, de man dy’t fêsthold oan it prinsipe fan ‘Harkje Israel, de Heare is ús God, de Heare allinne.’ Dêrom waard er foar de liuwen smiten, mar om syn belidenis fan ‘De Heare is ús God’ diene de liuwen de bek net iepen om him te ferskuorren.
Oars as oaren
De iene kening folge op ’e oare,
Darius kaam oan de macht
en dielde ’t ryk sadanich yn
dat Daniël gie ’t foar de wyn,
hy bleau himsels, wie net feroare.
De oaren seagen doe mei skeane eagen
nei syn rêch, dy hold er rjocht;
har eigen paden rûnen skean,
want elk soe nei de kening gean:
’t gebed wie oars net as in leagen.
Se sloegen acht op Daniël syn mûle,
dy’t itselde die as oars:
deis trije kear betankje God
foar ’t libben, dochs waard oars syn lot:
it delgean yn de liuwekûle.
Daniël kaam, sûnder dat er in skram oprûn, wer út ’e kûle wei. Mar hoe ferhâldt syn rjochte rêch him mei de bûgde holle fan it gebed dat wy krekt út ’e Bibel lêzen ha? Dêr kin mar ien antwurd op komme: Daniël, de rjochtfeardige, komt mei bûgde holle plakferfangend op foar syn folk, sa’t Abraham iuwen foar de tiid opkaam foar Sodom en Gomorra, it plak dêr’t syn neef Lot him nei wenje set hie: ‘As der no fyftich rjochtfeardigen yn dy stêden wenje, rjochtfeardige God, sille Jo dan Sodom en Gomorra ferrinewearje?’
Dat wie Abraham en no Daniël: ‘Hear, hâld Jo Jo no like rjochtfeardich, kear jo gleone grime fan jo stêd Jeruzalem, jo hillige berch ôf.’
9. Sjonge
Liet 713: 3 en 4
10. Ferkundiging 2
Jeruzalem… yn de tiid fan Daniël wie dy stêd noch altyd in púnfal en de timpel wie der net mear.
No bea Daniël net allinnich foar Jeruzalem, hy krige ek fisioenen oer dy stêd. Der soe in kening komme dy’t yn in nije timpel in ôfgodsbyld pleatse liet. Dy kening hiet Antiochus iV Epifanes fan Syrië, in terroristefoarst. Hy liet yn Gods timpel sels barge-offers bringe en ûnthillige dêrmei de hillige berch.
Brief fan Antiochus Epifanes
Foarst Antiochus Epifanes
liet in brief útgean nei elke stêd,
dy’t spriek fan syn totalitêre macht:
de wyn derûnder,
draaie as in blêd,
dus jou op kenings wurden acht:
Ien foarst , ien folk, ien wet, ien god,
foar allegear deselde seden,
de sabbat komt net mear oan bod,
in barge-offer foar de frede,
ûnrein komt yn it plak fan rein,
de soannen wurde net besnien,
god Zeus sil troanje yn de timpel,
mei jim eigen Heare God is ’t dien
en dêrmei is no alles sein,
sjedêr it keninklike stimpel.
Antiochus Epifanes’ stjerbêd
Antiochus Epifanes
kriich wer sin oan Perzysk goud,
yn Elymaïs wie de skat te finen,
mar hysels wie út it minne hout
en joech belies mei oeral pine.
Antiochus Epifanes
kriich berjochten, like min
as ’t eigen aard, hy lei him op te winen
oer wat west hie, want syn libbensrin
koe net de ein mei deiljocht fine.
Antiochus Epifanes
spriek op ’t stjerbêd noch dit wurd:
‘It joadske goud ha ’k út ’e timpel stellen,
sûnder reden brûkte ik it swurd,
dat hjoed kin ik myn dagen telle.’
11. Sjonge
Liet 713: 5
12. Ferkundiging 3
Wa ken Elia net, ien fan de belangrykste profeten fan Israel? Wa kin it ferhaal fan Elia by de beek Kerit (Krit) net, dêr’t er lykme allinnich sit mei de honger yn de hals. Nee, hy sit net tusken de liuwen, wol fleane boppe him swarte ravens, dy’t him moarns en jûns brea en fleis bringe. En doe’t de beek útdroege wie, sadat de profeet gjin drinken mear hie, krige er in seintsje út ’e himel dat er nei Sarfat reizgje moast, dêr’t in widdo foar him soargje soe. Dêr spriek Elia de himel oan mei ‘God oer my’. Hy bea dat de Geast fan God oer him komme mocht om it libben út ’e dea op te roppen.
Lit ús dat ferhaal sjonge.
13. Sjonge
Liet fan trochgeand libben: 1, 2, 3, 4 en 5
Wize: liet 489 út it âlde Lieteboek foar de tsjerken
Elia giet nei Sarfat
fanwege honger yn it lân,
hy hat gjin helper by de hân
en wol net dat it sa moat,
wa’t libbet, jout it troch.
In widdo by de poarte
lit him net sûnder iten stean,
sil foar it alderlêste gean,
mar sy wurdt sels net koarte,
wa’t libbet, jout it troch.
De goedens en it kweade
behearskje ’t libben fan de frou,
nei freugde komt de djippe rou,
har soantsje wurdt in deade,
wat jout it libben noch?
Elia rint nei boppen
mei yn de earms it deade bern,
giet no de hoop foargoed ferlern?
Hy kin net oars as roppe:
‘God oer my, jou it troch!’
Hy jout syn eigen siken,
de hope flammet trije kear,
it is genôch, der komt in kear,
God oer him sil net wike,
wa’t libbet, jout it troch.
14. Lêze
Lukas 7, 11-17
15. Sjonge
Liet fan jongeslibben: 1, 2, 3, 4, 5 en 6
Wize: Lieteboek 283
Yn de mannichte fan lûden,
yn de staasje fan de dea,
fûn gjin minske doe it goede,
ûnderfûn elkien it kwea.
Op ’e lykbier lei de jonge
fan de widdo, iennichst bern,
’t jammerjen hie neat fan sjongen,
’t lijen wie har oan te sjen.
Tsjin de mannichte fan lûden
rûn de libbensstaasje yn,
pratend earst, doe stil te moede,
wachtsjend op in oare wyn.
Lûden waaiden nei de fierte,
yn de stilte fan de dea
koe men net fan libben witte,
gjin beweging fan de lea.
Doe beweegde it fan binnen,
oandien rekke Jezus’ moed,
’t libben moast it sprekkend winne,
sicht op moarn yn plak fan hjoed.
Wurd fan libben liet de jonge
opstean út ’e neare dea,
beide staasjes koene sjonge,
freugde klonk oer hiel it gea.
16. Ferkundiging 4
Elia, Jezus en de widdo’s
It kin net oars as de evangelist Lukas hat by it beskriuwen fan it wûnder fan Naïn it ferhaal fan Elia yn Sarfat foar eagen hân. Elia rôp de geast fan God oer him op: God oer my… om it jonkje wer fan de dea yn it libben te bringen. Jezus rôp: ‘Jongfeint, Ik sis dy, kom oerein!’ Syn Geast as Soan fan God kaam oer de jonge, sadat er wer libje koe.
Dêrfoar hat in drama yn Naïn plakfûn. Yn itselde hûs libben in mem en in soan, omdat de man al ferstoarn wie. Djip tryst fansels, want de frou hie gjin man mear en de soan gjin heit. Mar der is noch takomst, want de jonge sil grut wurde is de ferwachting, hy hat noch takomst en mei him ek de mem, want de soan soe by wize fan sprekken foar it pensjoen fan syn mem soargje. Hy wie de garânsje foar har âlde dei.
Dan waret foar de twadde kear de dea troch it hûs, want de soan stjert. In trijedûbel drama:
– De mem wurdt emoasjoneel swier troffen: djippe rou.
– De widdo ferliest har pensjoen, de garânsje foar de âlde dei: in sosjaal drama.
– En troch it stedsje Naïn gûnzet it fan fan de beskuldiging dat de dea fan de soan de straf is foar de sûnde fan de mem: in religieus drama.
Troch de hjitte fan de dei kin de mem net lang by har deade soan stilstean bliuwe. De roustaasje, de lewayah, komt yn beweging. It jammerjen fan de minsken klinkt boppe it rûzjen fan de beskuldiging fan sûnde út. Wat in lawaai jout dy lewayah.
Der komt noch in staasje oan, fan de oare kant. De ferwachting is dat dy staasje him oanslút by dy fan de rou, sadat it lawaai noch oanboazet. Mar sjedêr, de man foarop bliuwt stean. De dragers fan de lykbier bliuwe ek stean. It jammerjen saksearret.
De man docht in stap nei de mem en seit trije wurden, dêr’t tagelyk in djip begrutsjen en treast útsprekke: ‘Skriem mar net.’
Dan komt syn hân yn beweging, hy rekket de lykbier oan. It kin net sûnder beweging en sûnder wurden: ‘Jonfeint, Ik sis dy, kom oerein!’
Wylst Elia trije kear yn beweging kaam, syn lichem bûgde oer it jonkje hinne, beweegde inkeld de hân fan Jezus nei de lykbier om dy oan te reitsjen. De profeet fan God en de Soan fan God joegen beide wer takomst, sawol oan de soan as oan de widdo.
Widdofrou en mem
Twa kear wie ik hjoed yn triennen:
fan ’e moarn doe’t hy gjin azem joech,
ik wie yn djippe rou,
en doe’t hysels syn lykbier droech,
hy rûn der samar hinne.
Myn soan wie stoarn, ik stie allinne,
want ik hie gjinien mear op ’e wrâld,
dus bernleas widdofrou;
’t wie waarm, mar oeral hie ’k it kâld,
ek ûnder ’t rouwend rinnen.
Ynienen stie ik stil, de staasje
wie teplak, sa wie myn tinken earst,
mar ’k waard wat frjemds gewaar:
in man spriek mei in oare geast
as kriich myn jonge graasje…
… om troch te libjen, hiel bysûnder
dat er prate, opstie út ’e dea;
ferbjustere, net naar
wie ’k mear, it gie troch geast en lea:
de Hear hie dien in wûnder.
17. Oargel
18. Ferkundiging 5
Wy binne werom op De Jouwer. Wa kin yn dit plak of de omkriten dêrfan it de widdofrou en mem neisizze: ‘De Hear hat in wûnder dien?’
By myn witten is noch nea yn de skiednis fan dit plak, fan Fryslân, fan Nederlân, fan Europa in bern, jongfeint of jongfaam út ’e dea opstien. Hoe graach hie de heit, bûgd oer syn dea soantsje yn Barcelona, sjen wollen dat it jonkje wer ta libben roppen waard. Hoe faak sil op De Jouwer stil bidden wêze: ‘Hear, jou asjeblyft ús soan/ús dochter werom.’
Hoewol’t de terreur fan de dea definityf liket te wêzen, is yn in perioade fan rou treast as de fersêftsjende salve op de djippe wûne. En nettsjinsteande it litteken sichtber bliuwt en faak noch skrynt, wurdt de terreur fan de dea ferslein troch de wurden fan Elia: ‘God oer my’… en dy fan Jezus: ‘Ik sis dy, kom oerein!’
Der is wer takomst.
Amen
19. Us Heit
Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen
20. Sjonge
Liet 315: 1 en 3
21. Seine
Wy geane wer op ’en paad nei hûs
om te genietsjen fan de ferskillen yn Gods skepping
en mei it each op ’e takomst dêr’t it libben yn opbloeie sil.
Wy meie ûnderweis meinimme
de seine fan God de Heit,
de leafde fan Jezus de Soan
en de ynspiraasje fan de Hillige Geast
22. Sjonge
Liet 415: 3
november 26, 2018
november 4, 2018