Ut alle hoeken fan de wrâld kamen de âld-Heidenskipsters
op 23 juny 2006 nei it plak fan har âlde dreamen.
Se wiene tinte-, tsjerke-, pream- en pleatsgasten.
Se fielden har ferbûn mei wat de hjoeddeiske Heidenskipsters
harren presintearren yn wurd, muzyk, toaniel, dûns en film.
Se rekken oandien troch it spul fan bern, manlju en froulju yn
klean út it ferline en seagen harsels werom yn har eigen ferline.
De reuny waard in uny, in ienheid yn fielen, tinken en praten.
Mar wêrom dan, âld-Heidenskipsters, wêrom…?
Sy hearden ienris by de uny fan It Heidenskip,
de mienskip fan ienriedich folk,
it wie mar lyts, mar libbe grut,
har lân wie flak, sy leauden djip,
in sinnich gea, foar sier in wolk,
mar wêrom giene sy dan fuort?
Sy komme ienris yn de fiif jier nei It Heidenskip,
in reuny, ûnwennich folk
mei langstme nei it âlde stee,
op ierde mar in lytse stip,
foar har de fjoerkolom, de wolk,
mar wêrom dan nei fiere ree?
Sy fiere uny yn de tinte fan It Heidenskip,
in mienskip fan drok pratend folk,
net harkjend nei it wolkomswurd,
mar sels de mûle fol: ‘Ferhip,
bisto no ien fan Sjoerd en Nolk?’
Mar wat hat fuortgean dan foar nut?
Sy prate lûder as it korps begjint oer ’t Heidenskip
te spyljen suver unifoarm:
in oade oan it âlde ryk
mei polderdiken, pleats en skip,
foar reunisten grif de noarm,
mar wêrom ‘far away’ muzyk?
Sy harkje mei sân earen nei it Heidenskipster boek:
de uny yn ferline tiid,
hoe’t oer de polder klonk it liet
fan wrotten, rûch en rau of tûk
berekkenjend, mar ien yn striid,
wat dreau har dan oer ’t wide wiet?
Sy fiere uny yn de tsjerke fan It Heidenskip,
de mienskip fan it hillich folk
dat harkjend nei de finsters keart
de eagen foar de kleurestrip
fan skippen tusken feart en wolk,
wat brocht har dan as glês út lead?
Sy lêze wurden op ‘e glêzen fan It Heidenskip:
in minskehert betinkt in wei,
mar God bestjoert de libbensgong;
dy wiisheid joech har grûn en grip
foar alle oeren fan de dei,
wie dat de polsstôk foar har sprong?
Sy binne unifoarm yn pream en pleats yn ’t Heidenskip,
de santjin hege hikken oer
en fiere dan de unytop,
emoasjes himelheech en djip
om skipper, froulju, bern en boer:
’t gefoel dat smyt gjin antwurd op.
|