juli 16, 2017
fan Albert Hahn*
fan ûnbekend**
Wa’t wurke, moast de hannen brûke,
hold de mûle leaver ticht,
hy hie gjin rjochten, die syn plicht
om ’t libben troch de tiid te lûken.
In inkeling hat him fersetten,
’t waard de oanset fan in tal
dat soarge foar de stakersrol,
sa hat de plicht de rjochten metten.
Wa’t wurk joech, moast de wurkers brûke,
joech oan stakers einlings ta,
se soene trochbetelle ha,
de fakbûn mocht de karre lûke.
De oerheid koe dy winst net sette,
want soks rûn op gaos út,
dat Kuyper*** naam in strak beslút:
hy wurge stakers mei syn wetten.
De akjsje frege om reaksje
fan de stakers op it spoar,
de rjochten spoarden no ris foar
de trein, in kwestje fan de traksje.
De wurkers koene it net winne,
mannich wrotter waard ûntslein,
sa kaam de staking oan de ein
en liet it machtsbestjoer him kenne.
* Albert Hahn (1877-1918)
Spotprint ‘It folk’
** Foto ‘Spoarweistaking 1903’
*** Albert Kuyper, minister-presidint
november 24, 2024
oktober 27, 2024