juni 13, 2019
fan James Ensor*
Memento mori yn it atelier,
wat docht de doar in oerke ticht
om foar de ezel te besinnen
oer wat oer in oerke komme kin,
sa kriget men in helder sicht.
De muorren binne foar it sicht al ree:
wat west hat bringe dy yn byld,
de ezelsbrechjes foar ’t werkennen
fan wat makke is mei fleurich sin,
om’t kreativiteit rom fielt.
De kontinue gong nei ’t âlde stee
hat stûke troch in stroffelkop
mei holle eagen, lange tosken;
op ’e ezel klom in kop mei sin…
dy hat gjin kin en ek gjin krop.
Sjedêr de skilder yn syn atelier,
finaal besibbe oan de dea,
foar ’t doek mei fongen bline mosken;
’t sicht feroaret wol, mar is te min
foar hoe’t it komt yn ’t deadegea.
* James Ensor (1860-1949)
Skilderij ‘It skilderjende bonkerak’
juni 12, 2019
fan ûnbekend*
Oan jim is trochjûn wat it wichtichst is,
dat Kristus stoarn is en begroeven,
opstien, as de klimaks, út ’e dea,
dêrnei is Hy noch faak ferskynd,
wat makket my yn ’t leauwe wis.
Guon wolle ha, der is gjin libben nei
de dea, sy ha harsels begroeven
yn ’t bestean, de mjitte fan de dei;
as ien de dea it lêste fynt,
dan stiet ek Kristus’ opstean faai.
Ferrize wy net út ’e neare dea,
lit ús it dan der mar fan nimme:
lekker ite, drinke elke dei,
want neat wat ús oan Kristus bynt…
it grêf stiet iepen foar ús lea.
* Ikoan ‘Opstanning fan Kristus’