juni 14, 2019
fan Giovanni Lorenzo Bernini*
Hoe kin in faam no troffen wurde
mei ’t gefolch dat leafde har ûntgiet?
Sjoch mar nei Daphne, wrâldferneamd
troch ’t rûzjen oan de ein, har wurden.
Heit Ladon rûze troch syn weagen,
as riviergod song er faak dit liet:
‘Do dochter dy’t oer leafde dreamt,
do rekkest manlju mei dyn eagen.’
God Eros woe Apollo reitsje
mei in gouden pylk, it wie út wraak,
dat hy fereale waard op har,
de nimf, sy koe mei ’t each fermeitsje.
In leaden pylk hat Daphne rekke,
sa ûntnaam god Eros har de taak
om leaf te ha, sy hie gjin kar,
Apollo koe har hert net brekke.
Heit Ladon hearde Daphne smeken:
‘Lead is swier, ’k wurd leaver in laurier.’
It trof, har wurden rûzen fier,
Apollo droech har ta in teken.
* Giovanni Lorenzo Bernini (1598-1680)
Byld ‘Apollo en Daphne’
juni 13, 2019
fan James Ensor*
Memento mori yn it atelier,
wat docht de doar in oerke ticht
om foar de ezel te besinnen
oer wat oer in oerke komme kin,
sa kriget men in helder sicht.
De muorren binne foar it sicht al ree:
wat west hat bringe dy yn byld,
de ezelsbrechjes foar ’t werkennen
fan wat makke is mei fleurich sin,
om’t kreativiteit rom fielt.
De kontinue gong nei ’t âlde stee
hat stûke troch in stroffelkop
mei holle eagen, lange tosken;
op ’e ezel klom in kop mei sin…
dy hat gjin kin en ek gjin krop.
Sjedêr de skilder yn syn atelier,
finaal besibbe oan de dea,
foar ’t doek mei fongen bline mosken;
’t sicht feroaret wol, mar is te min
foar hoe’t it komt yn ’t deadegea.
* James Ensor (1860-1949)
Skilderij ‘It skilderjende bonkerak’