juni 24, 2019
Fan fierren is er kommen,
oanflein wêr’t leech wetter wie,
it favorite itensplak,
mar earst woe hy bekomme.
Syn snaffel, fier nei foaren,
woech der op ’e flecht flink yn,
kriich reizgjend amper syn gerak,
koe yn de loft net score.
Doe’t hy de kop wer tille
koe, rjocht op ’e poaten stie,
wie ’t wetter yn syn eagen flak
genôch foar fangst en wille.
’t Gie op en del en hinne
wer, de snaffel leppele
mar troch, it gie op syn gemak,
sa’t leppelbekken kinne.
juni 23, 2019
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Nicaragua,
it griene lantsje yn de tropen,
lyts ferlike by Amearika,
de steile steat fan mear en mear…
ferfljocht dan alle hope?
Hope op ’e dei
dat eigen krêft it foar it sizzen
hat, want frijheid wiist de rjochte wei,
foargoed ferlost fan grutte bear,
gjin lân wol ûnder lizze.
Opstân tsjin it bist,
dat stjoert sa’n fiifentweintichhûndert
mariniers, gjin kâns, fergees de list,
yn ’t lot fan ’t lantsje komt gjin kear,
it leit noch altyd ûnder.
Hope jout it sicht
op: wa ’t hjoed ûnder leit, komt boppe,
fjochtsje foar de frijheid is in plicht;
oan Nicaragua de ear…
de bear krijt hûndert skoppen.
* Foto ‘Natuer yn Nicaragua’
** Wapen fan Nicaragua