juli 12, 2019
Fan Paulus, troch de wil fan God
apostel fan ús Jezus Kristus,
oan jim dy’t leauwe, folk
fan God genede en ek frede,
yn syn hannen is ús lot.
Us lot komt streekrjocht út syn plan
mei Jezus Kristus, de ferlosser
fan elkenien dy’t leaut,
it plan om troch him gear te foegjen,
dêr sprekt syn genede fan.
No ha ik fan jim leauwen heard
en ek dat jim fan minsken hâlde
dy’t hearre by Gods folk,
ik hâld net op om tank te bringen
foar jim stribjen op dit mêd.
Oan Kristus joech God krêft en macht,
Hy sit yn himelske kontreien
heech boppe ierdsk bewâld;
de tsjerke is syn lichem wurden,
Hy is ’t haad en hâldt de wacht.
* Mozayk ‘Paulus’
juli 11, 2019
fan Marc Chagall*
It lânskip lei derhinne
as troch God en folk ferlitten,
tsjuster yn de neare nacht,
gjin striel noch fan de sinne.
Syn romte wie noch like
leech as wat ek moarn te mjitten
wie, neat oars as tinne lucht,
hy die it al in wike.
In wike ûnderst boppe,
dat hy seach it net mear sitten,
neat hie hy noch yn de macht,
hy koe allinnich roppe.
Ynienen wie se boppe
him, de hannen om syn holle,
har gefoel joech him wer lucht
troch noas en fingertoppen.
Sjedêr de reade sinne,
strieljend fan de leafde, folle
net genôch, de griene pracht
fan ’t lânskip… sa’t sy binne.
* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘Grien lânskip’