juni 30, 2019
fan ûnbekend*
fan Marcel Duchamp**
Lit de opgong wêze foar Marcel,
dy’t jong al libbe tusken skilderijen,
yndruk út ’e âlde tiid,
hy gie net alle dagen derby del,
de takomst mocht er leaver lije.
Futurisme seach er oan de kym,
dêr soed er stap foar stap foar stap wol komme,
út ’e hichte nei de grûn,
net realistysk, derby del as skym,
wat koe ’t ferline him dan bomme.
Bleat rûn hompend by de treppen del
de djipte yn, op doek mei ien diminsje
ekstra, oan gjin noarmen bûn,
hoefolle stappen ek, ’t wie net yn tel…
wie bleate delgong syn yntinsje?
Lit de opgong wêze foar Marcel,
dy’t âlde keunst fan ’t statyske befrijde,
’t kaam úteinlik dêrop del.
* Foto ‘Marcel Duchamp’
** Skilderij ‘Bleat giet by de treppen del’
juni 29, 2019
fan Paulus*
Galatiërs, ik winskje jimme
frede ta, genede fan de Hear,
syn boadskip ha ik brocht;
jim komme út it westen wei,
Jeruzalem is jimme frjemd,
syn boadskip hoecht men net mei
yn te stimmen.
Ik bin ferheard dat jimme kieze
foar in hiel oar bliid boadskip, net sa klear
as dat ik jimme brocht
ha, mar ik jou myn taak net oer;
jim kar is oan myn boadskip frjemd
en makket elkenien oer-
stjoer, betize.
* Kopy fan Galatiërs 1,1-8 út sirka 200