juli 22, 2019
Geduerich yn beweging
binne guozzen yn de loft
of op it wetter, oeral thús,
sy ha har domisily fûn,
net skou mear of ferlegen:
‘Wy binne mei in hiele kloft.’
Sy lizze lang te wachtsjen,
hoege net om lading út,
sy ha har domisily fûn
by ’t eilân yn de Snitser mar,
mêstheech is har ferwachting:
‘Wy sjogge nei beweging út.’
Sneon wurde tugen hise
om te heinen romme wyn
en komt de gong deryn foar priis
en preemje, foar foaral de ear,
sels wa’t de slach ferlieze,
gean moandei like fûl deryn.
juli 21, 2019
fan ûnbekend*
Kin in swarte skriuwer wêze,
dichter, konsul, advokaat?
It is de fraach, net fan in blanke
mei it oardiel al paraat,
it antwurd is yn ’t hert te lêzen.
James syn mem mocht der wol wêze,
song har soan de wierheid foar:
foar swarten wankten kleare kimen,
dus: ‘Sjong mei elkoar yn ’t koar
dat opkomt foar wa’t noch net lêze.’
James syn stim hat fierder klonken
as yn stegen muorreswart,
syn liet wie ek op wyt te rymjen:
Broadway die him net tekoart,
’t fjoer lôge op út songen fonken.
Roosevelt fong op de klanken,
stjoerde James as konsul út,
in swarte dy’t it libben kleure
mei syn jeften, ta beslút
seach hy de kleare kimen wanken…
… foar syn folk nei ’t minder wêzen,
yn de striid dêr boppe-út,
op ’t lêst lykweardich oan de blanken.
* Foto ‘James Weldon Johnson’