juli 28, 2019
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Charles Dawson groef graach yn de grûn,
te djip foar mar in amateur,
sa tocht de wiere wittenskip,
oant hy in holleplasse fûn.
De holleplasse fierde nei
de âldste tiden fan de mins,
doe tocht de wittenskip: ferhip,
de plasse bringt ús op ’e wei…
… fan evolúsje: aap nei mins
en dat yn ’t âlde Ingelân,
foar Afrika is soks in dip,
by ús begjint de earste tins.
En fierder gie it ûndersyk,
de plasse hie wat mei gemy,
dy joech de wittenskip in tip:
tink nei, want nijer is it lyk.
Charles Dawson wie doe al lang dea,
hy wie ek mar in amateur,
sa tocht de wiere wittenskip,
yn Afrika lei ’t âldste gea.
* Foto ‘Holleplasse fan de Piltdown-man’
** Rekonstruksje fan de holle fan de Piltdown-man’
juli 27, 2019
fan Paulus*
Nei myn betinken is ’t in striid
om yn ’t bestean oerein te bliuwen,
want it kweade falt ús oan:
de duvel en de hearskers yn de wrâld…
sjedêr de wapenrêsting yn myn skriuwen:
De wierheid is in gurle om de mul,
gerjochtichheid it harnas om de lea,
de fuotten steane klear foar ’t blide boadskip,
hâld it leauwe foar as ’t sterke skyld,
dan treffe gleone pylken fan it kwea
nea ’t hert fan Kristus: leafde as gebod,
set de helm op fan ’t folsleine heil,
as lêste komt it swurd yn byld,
de Geast rikt it de kristen oan:
it wurd fan God.
Wês wach yn dizze drege tiid
en bid foar my, ik moat hjir bliuwe
om’t ik yn de boeien sit,
bid dat myn mûle goede wurden bringt,
it boadskip fan befrijing yn dit skriuwen.
* Part fan de brief oan de Efeziërs
(slot fan haadstik 6)