Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Brief oan de Filippiërs 1

Bibelbylden

fan ûnbekend*

No’t ik opnij wer finzen sit,
lykas by jimme yn Filippy,
doe’t de ierde skodde en wy
dêrtroch yn frijheid libje mochten,
bin ’k ta dit skriuwen kommen, wit
dat ik God tankber bin,
mei blydskip foar jim bidt;
omdat jim Gods genede sochten,
fûnen jim yn ’t libben nije sin.

No’t dit my wer oerkommen is,
lykas de selstraf yn Filippy,
doe’t wy kamen troch it skodzjen frij,
is ’t blide boadskip fierder rekke;
wa’t leaut, sprekt Jezus’ wurden wis,
neat hâldt him dêrfan ôf,
sa wurdt de finzenis
in foardiel om fan wâl te stekken,
ek al rekket men dan yn it nau.

No’t ik net by jim komme kin,
wit ik dat jimme foar my bidde
om ferlossing, ’t libben of de dea…
wat sil ik op dit stuit ferkieze?
It stjerren is wol winst, dan bin
ik tichtby Kristus, mar
it libben hat ek sin,
want dan kin ik de wei noch wize…
foar mysels is dit in drege kar.

* Yllustraasje ‘Mamertynske finzenis yn Rome’

admin

Oranjefink

Lyrysk Deiboek

Nea hie ’k tocht, hy soe dêr sitte,
tusken ’t leechlân en de Grienedyk;
oare fûgels joegen faak de wink
fan ’k flean hjoed kreas yn byld,
mar yn gjin tiden de oranjefink.

’t Wie as siet er dêr te wachtsjen
yn oranjedracht, foar watfoar feest
ek, de kop al nei it tastel draaid
as woed er ek yn byld,
wat oer sa’n fan fan ús lân alles seit.

Dêrom koe ’k it wier net litte
om te freegjen nei de tuskenstân:
daliks draaide hy syn snaffel rjocht
nei foaren, goed yn byld,
net fierder… wist hy wat de takomst brocht?

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum