Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Brief oan de Efeziërs 5

Bibelbylden

fan ûnbekend*



Der is in skieding kommen
yn it libben tusken âld en nij,
ik soe it jim taroppe wolle:
‘It âlde is foarby!’

It âlde is opromme:
hurd as stien wie jimme hert,
’t ferstân, it streamde út ’e holle
en skamte wie der net.

It nije is no kommen:
jimme hawwe Kristus kennen leard,
yn hert en holle leit syn wierheid,
neat oars ha jim begeard.

* Ofbylding fan Paulus
yn it kleaster te Moissac  (Frankryk)

 

admin

Gouden sokses

Keunst

fan Marc Chagall*



Hy heint it lûd op fan de okse,
fan syn fruchtberens ûntdien
om foar de ploech te rinnen,
sadat de grûn syn fruchten jout…
hy kin him net yn ’t lûd fersinne.

De lûden komme op ’e rôle
mei de fear; hy is begien
mei oksen en ek minsken
dy’t lûke moatte oan it hout
en izer, goud heart ta har winsken.

Lit skreaune wurden dêrnei klinke,
’t giet dan mear as dûbelop:
de skriuwer en de okse,
it lûd, de letter en de stim
fertelle oer in gouden sokses.

* Marc Chagall (1897-1985)
Skilderij ‘De literatuer’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum