augustus 1, 2019
fan Frans van Mieris de Oude*
It soe in miel mei woartels wurde,
net ferkeard fansels, mar sûnder smaak,
de mûle hie ferlet fan justjes mear,
syn wurden kamen hoeden ta de saak:
‘Do litst de woartels net ferwurde,
leave, dat stel ik fansels op priis,
mar mei in kantsje is soks earder gear,
oranje boppe, mei myn wiif bin ’k wiis.’
Syn wurden hawwe har oertsjûge,
’t koe net oars, sy wiene al lang troud
en mei har jonge kaam it ek wol klear,
hy wie mei ’t wurd fan mem en heit fertroud:
‘Do witst, myn jonge, fan de drûge
kiel fan heit, de hiele dei yn ’t spier
foar ús, dan witst it wol, fan ’t wurkjen gear,
de woartels ha ferlet fan slokken bier.’
De jonge wist wol wêr’t de kanne
stie en ek hoefolle jild mem joech
en wêr’t er alle kearen hinne moast,
want heit syn kiel wie alle dagen drûch.
* Frans van Mieris de Oude (1635-1681)
Skilderij ‘Boere-ynterieur mei húslik tafriel’
juli 31, 2019
fan Rembrandt*
Jezus Kristus hâld ik jimme foar
as foarbyld, hoe’t syn libben wie
foardat Er oan it krús ferstoar.
Kristus libbe Gods bedoeling foar
yn hiel syn dwaan en litten,
mar rûn net om as wie Hy God,
woe neat fan ’t eigen godsbyld witte,
wie de tsjinstfeint fan in oar,
gelyk oan ’t minskdom hjir op ierde.
Hy folbrocht reewillich ’t lot
dat Him as opdracht meijûn wie,
sels oant de krúsdea ta.
Dêrom liet God Him heger sitte
as bewenners fan it himelryk,
dêr’t Kristus’ namme ek heech klinkt,
sadat de knibbels foar Him bûge,
ek foar God de Heit in eareblyk.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Himelfeart fan Kristus’