augustus 3, 2019
fan Edward Burne-Jones*
Timoteüs beskôgje ’k as myn soan,
betrouber as wie ik syn heit,
wy ha ’t bliid boadskip tsjinne,
tegearre foar de Hear,
wat alles yn ús libben seit.
Meikoarten komt de soan by jimme oan
om te fernimmen hoe’t it giet
en hoe’t jim kristen binne:
noch bidde oan de Hear
en sjonge Him ta mei in liet.
Mar nee, Epafroditus stjoer ik earst,
hy striidt mei my lykas in broer
om oeral folk te winnen
dy’t libje wolle foar
de Hear, wy jouwe dêroan stjoer.
It kin, Epafroditus is wer sûn,
hy hat syn libben weage om
de Hear en jim te tsjinjen,
wy binne foar elkoar
as broers, sa is it libben rom.
* Edward Burne-Jones (1833-1898)
Glês-yn-lead ‘Apostel Timoteüs’
augustus 2, 2019
fan Peter Paul Rubens*
Fereale wie Deukalion op Pyrrha
en troude dêrom mei syn nicht,
wêr’t Zeus wol sympaty foar hie,
mar fan Olympus ôf hie hy it sicht…
… op ’t minskdom, dat him folle minder oanstie,
dus tocht er oan in grutte floed,
hold noch syn tinkbyld yn berie,
want troch de floed kaam ek it pear yn noed.
Deukalion en Pyrrha mochten bouwe
in boat, lykas ek Noach die,
foar’t Zeus it wetter streame liet…
gjin man of frou dy’t noch te rêden wie.
Nei njoggen dagen wie it wetter sakke
en koe it pear wer út ’e boat,
de loft wie griis, de grun noch wiet,
gjin mins op ierde, in ferlitten oard.
Doe mocht it rêden pear fan Zeus wat winskje,
se woene graach wer selskip ha
fan oare minsken, dy’t mei har
de wrâld opbouden, leaver mear as twa.
Mem Ierde soarge foar in protte stiennen,
troch beide smiten op ’e grûn;
de stiennen waarden, nee, gjin kar,
in man of frou, Zeus hie wer libben jûn.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Deukalion en Pyrrha’