Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Demokritos

Mytebylden

fan Hendrick ter Brugghen*

Hy reizge faak, fan stêd nei stêd,
en skôge de ferskillen,
yn syn eagen wie elk plakje oars,
dy fariaasje skonk him wille.

Soms gie syn each fan blêd nei blêd,
hy tocht dat ûnderdielen
wiene ’t wêzen fan de hiele wrâld,
atomen fielden as besiele.

Hast altyd hie er in goed sin,
lykmoedigens wie better
as earst hjit fan geast en dan stienkâld…
gean net as hynders op ’e kletter.

‘Syn libben hat in frjemd ferrin,’
sa fûnen plakgenoaten,
‘Hippokrates, ûndersykje him,
hy siket allerhande soarten.’

* Hendrick ter Brugghen (1588-1629)
Skilderij ‘Demokritos’

admin

Yn nachtlike beweging

Keunst

fan Vincent van Gogh*

Mei de skeppe op it skouder
rûn er nêst syn bêste maat,
dy’t beide hannen yn de bûse hie;
tegearre wiene se op paad
nei ’t eigen skeamel ûnderdak
mei praat net heger as de souder.

Achter harren rôlen tsjillen
mei dêrtusken hiel oar praat,
om’t boppe ’t oansjen yn beweging wie:

‘Sipressen ha in eigen aard,
sy stekke nei it himeldak,
dêrfan krij ik in kâlde rille.’

‘Sa’t de tsjillen rûntsjes draaie,
litte stjerren dat ek sjen,
in kâlde rille, mar ek wille.’

‘Kâld en waarm, wat ik werken,
earm en ryk, elk hat syn plak,
sy de skeppe, wy de leie.’

Mei de skeppe op it skouder
rûn er nêst syn bêste maat,
om’t dy de dei troch nêst him wurke hie
yn ’t felle ljocht, net folle skaad:
‘Sy binne ridend ûnderdak.’
‘Ik ryd fannacht wol op ’e souder.’

* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Strjitte mei sipressen ûnder in stjerrehimel’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum