Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Munt of goud

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

Sûn nei lichem en nei geast,
sa sille sporters stride
op ’e Spullen fan Olympus**;
lit gjin jild de foarstap krije:
hjir jildt meidwaan, dat komt earst.

Jim Thorpe die as yndiaan,
lykas syn foarfaars strieden,
alle war om earst te wurden
op ’e fiifkamp, as in frije
fint soe hy de rest ferslaan.

Goud wie him lykwols net gund,
want jild soe ’t spul net liede:
Jim fertsjinne sechtich dollar
yn de moanne, ’t koe net lije,
syn stunt ferlear it fan de munt.

Libbenslang focht troch syn geast,
hy stoar foar’t oare tiden
’t spul feroare op Olympus.

* Foto ‘Jim Thorpe’

** Olympyske Spullen fan 1912 yn Sweden

 

admin

Brief oan de Filippiërs 4

Bibelbylden

fan ûnbekend*



Net dat ik eigenwiis bin
of mei ’t uterlik wat ha,
dochs wol ik oer mysels fertelle,
om’t ik mei ferlies en winst rin.

Besnien bin ’k nei in wike,
want dat teken moat men ha
as Joad om folop mei te tellen,
’t is foar earmen en foar riken.

Ik hold my oan de wetten,
Joaden moatte ’t dêrfan ha:
de wierheid sprekke en net stelle,
op twa stiennen is dat setten.

Ik mei de wet ferlieze,
want troch Kristus ha ik wûn;
dit wol ik elkenien fertelle:
’k sil troch Kristus ek ferrize.

* Byld ‘Paulus’
yn de Petrus Banden Tsjerke te Venray

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum