augustus 17, 2019
fan Paulus*
Bêste minsken fan Kolosse,
Epafras hat jim it boadskip brocht
fan Jezus Kristus foar syn folk,
syn leafde ha jim praktisearre,
foar de hiele wrâld it ljocht.
Kristus sil de wrâld ferlosse,
as earstberne leit dy yn syn hân,
Hy kaam fóár alles, is de tolk
fan ’t folk dêr’t Hy oan ’t krús foar stjerre
woe, sa kaam it heil ta stân.
No mei ik foar jimme lije
yn de finzenis, dêr bin ik bliid
om as ferkundiger fan ’t heil,
dat earst foar elkenien ferburgen
wie, yn ús klinkt troch dat liet.
* Brief oan de Kolossers (haadstik 1)
augustus 16, 2019
fan John William Waterhouse*
fan Lovis Corinth**
In foarbyld fan ienfâldich libben,
frij fan langstme en ferlet,
dat wie Diogenes,
hy hie gjin hûs, iet mar in bytsje,
troch it fel seach men syn ribben.
As wenning brûkte hy in tûne,
lytser koe it foar him net;
it wie Diogenes
te dwaan syn tinken sjen te litten:
strjitten binne foar de hûnen.
Hy koe gjin echte minsken fine
mei syn lampeljocht oerdei;
lykas Diogenes
it die, soe ’t folk him folgje moatte,
mar gjin minske woe him bine.
Foarst Alexander liet er rinne,
mar in stap op ljochtskyndei…
‘Foar jo, Diogenes,
it rynske oanbod wat te winskjen.’
‘Jo benimme my de sinne.’
In rûne tonne yn de sinne,
’t libben wie sa dûbel rûn,
Diogenes as hûn
woe ’t folk syn sljochte wiisheid leare,
bleau as tûnemaat allinne.
* John William Waterhouse (1849-1917)
Skilderij ‘Diogenes’
** Lovis Corinth (1858-1925)
Skilderij ‘Diogenes mei de lampe’