Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Klimaatgefoelens

Lyrysk Deiboek

Se binne net oars wend
as nei de stâl de greide yn,
’t kin om de feangrûn lije,
dy’t wol fjouwer poaten drage kin,
nei bûten is de trend.

It kin ek om ’t klimaat,
sa tusken kjeld en hjitte yn,
se hoege net te lijen,
mar genietsje fan it drûge waar,
se ha by bûten baat.

It rint der samar út,
omdat it ek deryn gien is
as gers en liters wetter,
wat neidielich is foar it klimaat…
de hjitte waait út súd.

Salang’t der wetter is,
giet hiel de sirkulaasje troch,
’t klimaatgefoel is dûbel,
mar de dieren binne deroan wend,
foar har gefoel neat mis.

admin

Albert Wegener

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Wat wit in meteorolooch
fan wat de ierde djip beweecht?
Hy hat op wolk en sinne ’t each
en is gjin geolooch.

Mar Wegener seach folle mear
as wat in geolooch beweecht:
hy skôge út ’e hichte wei
dat lân fan see ferlear.

It lân siet earst as ienheid fêst,
dreau troch de iuwen útinoar,
beweging út ’e djipte wei
kaam nei ’t ferrin ta rêst.

De geolooch seach net sa djip,
dreau mei de meteorolooch
de spot: ‘Hy hat oars net it each
as op it wolkeskip.’

Op Grienlân seach it each neat mear:
’t bedarre ûnder snie en iis,
it lichem waard earst letter fûn,
net skeind troch miuw of bear.

* Yllustraasje ‘Kontininten neffens Wegener’
* Foto ‘Wegener op Grienlân’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum