Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wetterfûgels

Lyrysk Deiboek

Hy rint op lange, swarte poaten
hastich by it wetter lâns
om in gaadlik plak te finen
dêr’t syn snaffel skowe kin
al fiskjend hinne en werom,
hy is geduerich yn beweging,
breedút bliuwt er yn balâns,
oer neat hoecht hy him op te winen.

Sy lit har op it wetter driuwe,
sûnder gong hat sy it nei it sin,
ûnder ’t strieljen fan de sinne
lit sy har al weagjend sjen:
de wetterspegel stjoert werom
har byld, geduerich yn beweging;
wat sy yn ferbylding kin,
is swimmend noch oan skientme winne.

admin

Freud en Jung

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

Elk hat in boppe en in ûnder,
boppe is er him bewust
fan alles om de minsken hinne,
ûnder hearsket libbenslust,
’t gehiel komt oer as wûnder.

Freud krong de djipte yn, want ûnder
socht hy om de sterkste drift:
de seks soe it úteinlik winne,
riist nei boppen yn de lift,
gjin minske kin der sûnder.

Jung liet him yn mei argetypen:
bylden yn de ûndersiel
fan ’t minskdom, dy’t der altyd binne,
elkenien hat dêroan diel,
dy wûnderwrâld as stipe.

Gjin wûnder dat de beide typen
ûnderling ferfrjemden, want
fan boppen sjoen sil ienheid winne.

* Foto ‘Freud’
** Foto ‘Jung’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum