Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Brief oan de Tessalonikers 1

Bibelbylden

fan ûnbekend*



Earst krijt God fan ús de eare
dat jim leauwe mei it hiele hert
en dêr dan ek nei dogge
troch de leafde foar elkoar,
fêst stiet jim hope op de Heare.

Hiel de krite wit fan jimme
leauwe, hat fan leafde ek ferlet,
dy’t sy by jimme sjogge,
Kristus libbe ús dy foar,
de krite heart Him troch jim stimmen.

Troch ús klonk syn boadskip hinne
nei jim ta, oprjocht, mei hiel ús hert,
gjin sprake fan it pochen
oer ússels, ’t wie foar elkoar
doe’t elk begûn oan hoop te winnen.

* Foto ‘Eptapyrgio toer yn Tessaloniky’

 

admin

Dionysos

Mytebylden

fan ûnbekend*



Lit Dionysos, soan fan Zeus,
syn rûge libbensrin fertelle,
swaaiend mei syn thyrsos klom er op,
dat hy hat alles út it libben helle.

Us mem wie foar myn berte dea,
út heit syn side bin ik berne,
abnormaal, in tastân op ’e kop,
oan Zeus syn swierte moast de wrâld wol wenne.

As bern kaam ’k yn in mytysk lân,
dêr’t nimfen my op hannen droegen,
’t wie de earste rûte nei de top,
dy memmen ha op wei myn dieden woegen.

Selsstannich gie ik doe op reis
de hiele wrâld troch mei Mainaden,
frouwen mei ekstaze yn de kop
en mei myn entûsjaste driuw beladen.

Ik foer nei Naxos mei in skip
dat stjoerd waard troch in tal piraten,
troch myn keunsten hold har farren op,
ik hearde har lykas dolfinen praten.

Sa waard ik machtich yn de wrâld,
gie nei de berch fan alle goaden,
waard troch wyn en fleur dwyl yn de kop,
de dronken satyrs brochten my in oade.

* Byld ‘Dionysos en satyr’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum