Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dûbele bekoaring

Lyrysk Deiboek

Wylst it ljocht streamt oer it wetter,
bûcht de toer de skerpe punt
út earbied foar ’t harmoanysk byld
as skepping fan de sinne,
in byld fan ’t iene yn it oare,
dy feroaring is de minske gund.

Skept it minskdom folle better
as it ljocht, wjerspegeling
op wolk en wiet, harmoanysk byld
dat leit der samar hinne
as om de minske te bekoaren,
wylst de toer is stielhurd mar in ding.

Dochs bekoare ek de foarmen
fan it stiel it minsklik each,
harmoanysk oer it flak ferdield.

admin

Grinzen op de Balkan

Skiednisbylden

fan ûnbekend*

De sultan hie it foar it sizzen
yn it Midden-Easten, ’t ryk
fan Ottomaanske moslims
lei yn de midden fan de wrâld…
Mohammed hie gelyk…

… dat Allah ’t ivich foar it sizzen
hie en dus de sultan ek
oer Ottomaanske moslims
en as it slagge oer de wrâld,
in grins wie him te gek.

Mar net foar lytsmacht Bulgarije,
dy’t oer ginzen hinne gie
om dy opnij te lûken;
de sultan rôp doe Allah oan,
dy’t net te sprekken wie.

Uteinlik moast de sultan swije,
wylst de Balkan song it liet
fan frijheid, dat wer stûke
doe’t klonk de skrille oarlochstoan
yn ’t folle grinsgebiet.

* Foto ‘Soldaten yn opmars’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum