september 8, 2019
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Syn begjin lei heech yn Denemarken,
Willem wie syn namme, twadde prins,
in lytse kâns mar op ’e troan,
sa wie no ienkear de tradysje…
oant de Gryk ferlei de grins.
Willem hat nei de Hellenen harke,
waard noch foar syn tweintichste har foarst
en reizge fjouwer jier troch ’t lân,
sa learde George*** syn minsken kennen,
hat har fan ’t ferlies ferlost.
Altyd minder as de Ottomanen
fielden Griken har al iuwenlang
as wie har eigen skiednis stoarn,
mar ûnder George kriich it ferlerne
wer in kâns, de Turk waard bang.
Stêden kamen ûnder Grykske fanen,
wapperjend foar George, de kening dy’t
regearre hie mei sûn ferstân;
syn ein lei bûten de tradysje:
moard troch immen sûnder spyt.
* Foto ‘Jonge kening George I’
** Foto ‘Alde kening Geoerge I’
*** Prins Willem waard kening George
september 7, 2019
fan Jan Lievens*
Wy geane fierder, bêste bruorren,
mei te sizzen wat is goed en kwea,
jim ha jim bêst dien, mar ’t kin better,
tink oan de geast, net oan de lea.
Wês net yn tinzen by de huorren,
gean al hielendal net nei sa’n frou,
hertstochtlik bist dan op ’e kletter,
bliuw oan dyn frou yn leafde trou.
Wa’t ûnrein libbet, hat gjin libben
sa’t wy earder oan jim trochjûn ha,
ferachtet net de reine minske,
mar God, hy is der slim oan ta.
Jim ha nei bruorreleafde stribbe,
doch it trouwer noch, dan komt it goed,
jim wurde troch gjinien ferwinske
om jim fatsoen… foar elk in groet.
* Jan Lievens (1607-1674)
Skilderij ‘Paulus skriuwt oan de Tessalonikers’