september 12, 2019
fan James Ensor*
Hy hinget, hat de geast al jûn,
dy’t op it stekken rjochte wie,
sadat it bloed nei bûten spuite,
mis fansels, hy wist net wat er die…
no swaaie swabbers yn it rûn.
De bonkerakken út ’e hel
beklaaiden har mei blûs en rok
om mei de rôver te ferkearen,
’t is in kwestje fan in klap en flok,
de swaai slacht ien al suchtsjend del.
De rôver sjocht it koarjend oan,
hy is net wend oan ’t bloedleas spul,
de fjochters kinne nei him fluitsje,
no’t er hinget, is it flauwe kul,
mei syn potinsje is ’t bedoarn.
De skôgers komme derop ta,
de hellestriid lûkt eagen oan,
faaks kin it minskdom derfan leare:
dit bart hjoed mei him, mar oaremoarn
kin ik de strôte sletten ha.
* James Ensor (1860-1949)
Skilderij ‘Bonkerakken meitsje spul
om ien dy’t ophongen is’
september 11, 2019
fan Paulus*
fan Eddy Brunelli**
Lit my jim yn de kunde bringe
mei it lûd fan de trompet
as Kristus delkomt op ’e wolken,
dan is it foar wa’t sliept te let,
dy tiid sprekt fan de lêste dingen.
Wa’t yn de ierde rêst mei sjonge,
giet de libbenen dan foar
nei Kristus, Hear fan alle folken,
sy sjonge yn it grutte koar,
jûchheiend wurde wy ûntfongen.
Lit ús op ierde wekker bliuwe,
want gjinien wit fan de dei
dat Kristus delkomt op ’e wolken,;
wa’t sliept, wit fan gjin tiid en wei,
hy lit him op syn dreamen driuwe.
Doch oan it pânser fan it leauwe
en de leafde, earst dy twa,
set dêrnei op de helm fan hope,
sa kinne wy nei Kristus ta,
dy’t op ’e wolken stiet te weauwen.
* Part fan de earste brief oan de Tessalonikers
(haadstik 5)
** Yllustraasje ‘Jezus op ’e wolken’