september 15, 2019
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
As jonge dreamde hy oer see,
omdat de fierte oan him loek,
mar dreamen brochten him net fier,
dus tichterby skreau hy in boek.
Fierhinne gie it oer himsels:
fereale wie er op in faam,
har hert stie net foar him yn ’t kier,
sadat it boek it foartou naam.
It loek him yn de dream werom
en dêryn fûn er in idoal,
de keunst joech oan it libben sier,
syn wurden waarden ta symboal.
Sa waard ferneamd Alain-Fournier,
mar fier brocht hy it fierder net:
as luitenant stoar hy al ier,
gjin boek hat him it libben ret.
* Foto ‘Alain-Fournier’
** Foto ‘Grêf fan Alain-Fournier’
september 14, 2019
fan Rembrandt*
Wer stjoer ik jim in skriuwen,
want nei myn earste brief ha ’k heard
dat minsken op ’e doele reitsje
fan waanideeën yn de stêd.
Ik wit fan jim benearings,
it leed dat de gemeente trof,
mar bleaun is alle moed en leauwe,
jim sjonge altyd noch Godlof.
Der sil ferromming komme
as Jezus Kristus wer ferskynt,
dan sil Hy foar it Godsfolk pleitsje
dat yn it leauwe frede fynt.
Mar wa’t om God net jouwe,
dy wurde mei syn straf ferslein;
om’t sy yn ’t kweade hingjen bleauwen,
wurdt frede har foargoed ûntsein.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Paulus’