Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Boeren yn de rêst

Keunst

fan Paul Cézanne*



Hy hat de put derút,
syn hiele libben wie ’t in wrotten
fan de iere moarn oant lette jûn,
de stôk fertelt wat fan de rêch:
ûnder rjocht en boppe krom,
hy hâldt it net sa lang op fuotten.

De hannen freegje om
lang sterk te bliuwen, like sûn
as earder ’t fee en no syn katten.

Hy kaam út tsjerke wei,
hat harke nei de Bibelwurden,
dêr’t net mei te spotten falt, want bûn
bliuwt men oan Adams kromme rêch:
wrotte moast er foar syn brea,
’t bestean wie nei de fal ferhurde.

De hannen yn de bea,
de sûnden binne hjoed ferjûn,
moarn falle grif wer hurde wurden.

* Paul Cézanne (1838-1906)
Skilderij ‘Sittende boer’
Skilderij ‘Sittende boer mei hoed’ 

admin

Brief oan de Tessalonikers 6

Bibelbylden

fan Rembrandt*

Der is noch mear te skriuwen:
oer in geast dy’t profetearje sil,
in útspraak of in brief fan my,
dy’t iksels nea dien of skreaun ha,
al dy wurden binne tsjin myn wil…
jim moatte by de wierheid bliuwe.

De ôffal sil earst komme
troch de wetteleaze, dy’t as God
him foardocht, yn de timpel sit;
satan wol him as syn freon ha,
mar úteinlik wurdt de dea syn lot…
de wierheid hat jim geast ferromme.

De Hear hat jim as earsten
keazen, want de wierheid wie jim wei
– in útspraak yn de brief… fan my –
Kristus wol jim as syn freon ha,
stean dus fêst, dan stiet Hy jim ek nei
mei treast en leafde ’t aldermeaste.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Kristus’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum