september 5, 2019
fan Ivan Shishkin*
De stilte rûzet tusken stammen
op Valaam, in eilân yn de mar,
ek eilân yn it lânskip fan de Rus,
gjin fjoer is hjir ûntflamme.
Allinnich fjoer fan ynspiraasje
as de keunstner nimt dit gea foar kar;
de ranke stammen komme op it doek,
út rûgens riist de graasje.
In kreakjen brekt troch alles hinne,
’t stille rûzjen rekket yn de war,
de bjirkestammen krije skok nei skok,
it skot komt nei it rinnen.
De keunstner moetet dêr de jager,
tusken harren is ferskil yn kar;
as stamke komt de jager ek op ’t doek,
Valaam wurdt traach, noch trager…
…oant it hiele lânskip stiet deastil
en ûnder ’t byld stiet keunstners namme.
* Ivan Shishkin (1832-1898)
Skilderij ‘Lânskip mei jager. Eilân Valaam’
september 4, 2019
fan ûnbekend*
Al tiden hawwe wy jim mist!
Wy wiene graach yn Tessalonika,
want blidens striele fan jim út,
dus wol ik moarn wol nei jim ta.
Ja, ek Timoteüs, dy wist
ús te fertellen hoe’t it mei jim wie,
’t koe amper better, lei er út,
it Wurd waard omset yn de die.
Mei dat berjocht kaam hy werom
nei’t hy yn Tessalonika west hie;
ik stjoerde him dy rjochting út
op grûn fan ’t Wurd, dêr’t hy foar stie.
Wy steane der noch altyd foar, dus kom
by my net oan dat noed der net by heart,
dy litte wy no achter ús…
de blidens libbet yn jim stêd.
*Glês-yn-lead ‘Timoteüs’
Abdijtsjerke Saint-Pierre-et-Saint Paul yn Parys