Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Brief oan de Tessalonikers 3

Bibelbylden

fan Jan Lievens*

Wy geane fierder, bêste bruorren,
mei te sizzen wat is goed en kwea,
jim ha jim bêst dien, mar ’t kin better,
tink oan de geast, net oan de lea.

Wês net yn tinzen by de huorren,
gean al hielendal net nei sa’n frou,
hertstochtlik bist dan op ’e kletter,
bliuw oan dyn frou yn leafde trou.

Wa’t ûnrein libbet, hat gjin libben
sa’t wy earder oan jim trochjûn ha,
ferachtet net de reine minske,
mar God, hy is der slim oan ta.

Jim ha nei bruorreleafde stribbe,
doch it trouwer noch, dan komt it goed,
jim wurde troch gjinien ferwinske
om jim fatsoen… foar elk in groet.

* Jan Lievens (1607-1674)
Skilderij ‘Paulus skriuwt oan de Tessalonikers’

admin

Dioskouren

Mytebylden

fan Peter Paul Rubens*

’t Pear gie as Dioskouren troch de tiid
en hie de haadgod Zeus as heit,
de twaling Kastor-Polydeukes,
foar Sparta joegen se har yn de striid.

De striid gie tsjin Atene, want ûntfierd
wie sus Helena, dus moast sy
werom troch Kastor-Polydeukes,
it hat de broers as hechte ienheid sierd.

As ruters gie de twaling ek op jacht
nei ’t reuzeswyn fan Kalydon,
mar net troch Kastor-Polydeukes
beswike ’t swyn, ’t wie justjes ûnferwacht.

Tsjin twaling-neven gie in fammestriid,
dy froulju waarden ek ûntfierd,
doe wol troch Kastor-Polydeukes,
broer Kastor rekke dea, it wie syn tiid.

Unstjerlik libje of it deaderyk?
Heit Zeus liet ta in kompromis:
‘Om beurten, Kastor-Polydeukes!’
Sa kaam de stân foar beide wer gelyk.

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘Untfiering fan de Leukippiden’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum