Willem Tjerkstra’s thússide
admin

In grut each skuorre

Keunst

fan Odilon Redon*


Op ’e siik nei Odysseus
hat de sykloop al oeral socht
mei ’t doel him op te fretten,
einliks hat er skjin syn nocht
om ieneachich troch te setten.

Dêrfoar is er ek in reus,
oars as it lytse minskebern,
dat rint mei rappe stappen,
kin fan wurgens amper sjen,
leit poerneaken lucht te happen.

Reus sykloop skuort in grut each
as hy it kreaze lichem sjocht,
dêr kin Zeus net oan tippe;
einlings hat de reus wer nocht,
slikket toarstich oer de lippen.

* Odilon Redon (1840-1916)
Skilderij ‘De sykloop’

 

admin

Brief oan Timoteüs 2

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Do hast fan my it boadskip krigen
oer de lospriis fan ús Hear,
dat wy beholden wurde,
dêrmei bist noch net klear,
it komt ek oan op dwaan en bidde.

In man sil net mei rúzje drige,
hat gjin grime as er bidt,
hy moat syn hannen heevje
en witte hoe’t it sit
mei ’t eigen suver dwaan en litten.

In frou bliuwt dimmen, mei net stige
boppe manlju út, sy heart
allinnich ta te harkjen;
har gouden sier bedjert
it bidden, froulju kinne ’t witte.

Mar Paulus, beide binne skepen
as lykweardich op elk mêd;
de man kin it net litte
de frou te hearren rêd
mei ’t wurd en fierder… lit mar sitte.

* Yllustraasje ‘Frou mei sieraden’
Part fan it Fausta-fresko yn Trier

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum