oktober 5, 2019
fan Giuseppe Franchi*
Bestjoere is gjin lichte taak,
mar de gemeente kin net sûnder
bestjoerders dy’t dat kinne,
dêrom is ’t in goede saak
dat sy har dêrop djip besinne.
In foarman jout goed ûnderrjocht,
hy libbet sober en bysûnder
ynskiklik, evenredich,
earber, nochter en oprjocht,
hy is ’t yn dwaan en litten sedich.
Dat giet ek foar diakens op,
foar foarlju dogge sy net ûnder,
sy ha in skjin gewisse,
rinne net mei in heech krop
en kinne foar in oar wat misse.
Foar beide jildt in goed bestjoer
oer eigen frou en bern, foar wûnder,
jawis, dat moat dochs kinne?
Froulju geane op ’e toer
fan trou, ’t moat dêr úteinlik hinne.
* Giuseppe Franchi (1565-1628)
Skilderij ‘Paulus’
oktober 4, 2019
fan ûnbekend*
fan Salvator Rosa**
Dokter, wize, ek profeet,
sa gie Empedokles
troch it libben en de dea…
in wûnderdokter yn de need.
Doe’t Pantheia, leave frou,
de lêste siken joech,
sloech benaudens har net dea,
in wûnder loek har út it nau.
Wiisheid joech him de natoer
mei wetter, fjoer en lucht,
ierde kaam der ek noch by,
dy eleminten naam er oer.
Nei de himel as in god,
sa woe Empedokles
nei it libben sûnder dea
te gean, de fjoerdea waard syn lot.
* Yllustraasje ‘Empedokles’
** Salvator Rosa (1615-1673)
Skilderij ‘De dea fan Empedokles’