oktober 12, 2019
fan ûnbekend*
Gemeente wêze is wat wurdich
as in mienskip, mei elkoar
it goede dwaan, it kwea beneame,
altyd noed stean foar de oar.
Docht immen kwea, do silst it sizze
op in wize dy’t goed past
by heiten, memmen, bruorren, susters,
datst net op in siele krast.
Do silst de âlde widdo’s skriuwe
op in list foar wurk by ús,
de jonge kinne wol wer trouwe:
frou en mem, sy reitsje thús.
Wês goed, Timoteüs, foar âldsten,
dûbel lean komt harren ta,
drink sels net klearebare wetter,
want dyn mage kin ’t net ha.
Paniel ‘Timoteüs’
oktober 11, 2019
Endymion
fan Francesco Solimena*
In soan fan Zeus, Endymion,
seach klear de moanne skinen,
in knypeach fan Selene**,
yn de goadewrâld neamd Artemis,
sy soe him om de finger wine.
Wol fyftich dochters skonk sy him,
it wiene kreaze fammen,
knypeachjes fan Selene
út ’e oare wrâld, hy wie der wis
fan dat sy foar de goaden flammen.
Selene woe Endymion
net troch de dea ferlieze,
sy liet him ivich sliepe,
brocht de nachten by him troch, neat mis
mei sa foargoed foar him te kiezen.
* Francesco Solimena (1657-1747)
Skilderij ‘Selene (Artemis, Diana) en Endymion’
** Goadinne fan de moanne