Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ik bin sa’t ik bin

Lyrysk Deiboek

Kom mar op, wat soesto no?
Wy ha it sitten yn de kop,
in sûn en helder brein,
ús namme is ek ko.

Hasto op ús kleur wat tsjin,
wy stekke heger noch it krop
as tinkers yn swart-wyt,
myn brein tinkt, dus ik bin…

… sa’t ik bin, gewoan in ko
fan bûten, mei in inerlik
dat strielet inkeld wyt…
mar buorfrou, wat hast no?

Soademiterje mar op,
net kom mar op, hy hat hjir neat
te sykjen, watsto sein
hast, komt net yn syn kop.

Wat ik tink, dat moat derút,
oft hy it opnimt, wit ik net,
primêr is wat ik tink,
dus hâld ik no de snút.

admin

Tarzan

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**



Hat de pappegaai him ynspirearre,
fûgel mei de minskerop,
om Tarzan slingerje te litten?
De aapmins hat gjin apekop,
sil yn it oerwâld noch net stjerre.

Yn it oerwâld kaam er jong terjochte,
berne as aristokraat,
hat hy fan dat komôf net witten,
waard mei de apen bêste maat,
dy’t him ta grutte hichte brochten.

Troch beweging kriich er sterke spieren,
dy’t him brochten op it plak
dêr’t hy syn lea- en breinkrêft mjitte
koe mei de apen, mei gemak
wûn Tarzan ’t altyd fan de dieren.

Hat de pappegaai him ynspirearre
mei de skrille oerwâldsrop
om yn ’t bestean net stil te sitten?
De aapmins klimt sa nei de top
en sil foar ’t minskdom noch net stjerre.

* Foto ‘Edgar Rice Burroughs’
** Yllustraasje ‘Tarzan’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum