Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fanselssprekkend

Keunst

fan Georges Rouault*

Sprek út wat rjocht is yn de wrâld,
de rjochters ha it foar it sizzen
yn opdracht fan de steat,
de hoer is net oan it bewâld,
sy moat faak ûnder lizze.

Sjedêr de prysters dy’t it rjocht
fertraapje foar wa’t boppe lizze,
yn opdracht fan de steat,
de hear hat lang noch net syn nocht,
hy hat it foar it sizzen.

De steat en rjochters tsjinje god,
dy’t niget hat oan macht en riken,
ta elke die yn steat,
sy misse net it heechste bod,
wat docht út sprekken bliken.

* Georges Rouault (1871-1958)
Skilderij ‘De trije rjochters’

admin

Brief oan Timoteüs 4

Bibelbylden

fan Caravaggio*

Do witst wol, God hat alles skepen,
dus wat út syn wurd kaam, dat is goed,
wêrom soest it dan fersmite?
Tankje God foar wat Er jout,
dan kinst it op syn wurd goed ite.

Nei leagensprekkers moatst net harkje,
want skynhillich bringe sy de groet
en ferbiede dan guon spizen
dy’t God jûn hat as fertroud,
syn wurd sil dy de wei wol wize.

Dan libbest út ’e wurden fan
it leauwe, wat foar ús itselde is
as goed ite en ek drinke;
’t geastlik miel dat Kristus jout,
silsto dan ek oan oaren skinke.

* Caravaggio (1571-1610)
Skilderij ‘De Emmaüsgongers’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum