oktober 14, 2019
It kaam net út ’e boezem wei,
dan hie de dyk it keare kind,
mar ’t eaze út ’e hichte,
dagenlang itselde liet,
it rûze nei de lichte.
Dêr bleau it stean, dei út dei yn,
dochs kroep it nei in heger peil;
gjin glimke fan de sinne
dy’t it wetter sakje liet…
’t kin yn de hjerst raar rinne.
De optimisten rinne net,
stean blau te klomjen boppe ’t reid,
in healjier op it drûge,
alle jierren ’t âlde liet:
normaal om net te hoegen.
oktober 13, 2019
fan ûnbekend*
fan Henri Matisse**
Amearika joech om tradysje,
keunst ferbûn mei romantyk,
sadat men sjen koe wat it wie:
figueren lykas op in kyk,
dus sa sa’n bytsje.
Mar sjoch Europa mei in fyzje,
keunst, lûd bearend, ekspres wyld,
sadat men fielde wat it wie:
de hiele maatskippij yn byld,
mear as in bytsje.
Nei Armory, de wapenopslach,
om it folop oan te sjen
wat út Europa oanfierd wie;
men waard fan fijân net gau fan…
de keunst as snútslach.
De presidint*** joech ek syn fyzje:
leaver roazen op it fjild
as bleate froulju foar de die;
foar ’t Europeeske wapen jildt:
men kin it hysje.
* Foto ‘Armory’
** Henri Matisse (1869-1954)
Skilderij ‘Blau neaken’
*** Theodore Roosevelt