oktober 18, 2019
fan Isaac Walraven*
Epameinondas
yn Thebe adviseur en generaal,
ek musikus en dûnser,
heech wurdearre waarden syn talinten,
fan dea nei dea wie syn ferhaal.
Epameinondas:
fan adviseur nei heechste generaal
yn fûl gefjocht tsjin Sparta,
grut oerwinner troch de striid yn pearen:
twa maten mei deselde taal.
Epameinondas
werom yn Thebe, mar wol út ’e geunst,
gjin sege koe him rêde
fan de deastraf, dochs soe ’t needlot keare,
want heech wurdearre waard syn keunst.
Epameinondas
waard yn de twadde striid wer generaal
en op ’e nij tsjin Sparta,
wer oerwinner, mar wol swier ferwûne,
dat wie de ein fan syn ferhaal.
* Isaac Walraven (1686-1765)
Skilderij ‘De dea fan Epameinondas’
oktober 17, 2019
fan Cornelis Bisschop*
Sjoch hoe’t ik dit gerdyn optil
om jim in oar doek sjen te litten,
dat my oansprekt om it byldferhaal,
ik lit dêrmei myn eigen witte.
Sjoch Ganymedes, soan fan Tros,
Trojaanske kening, dy’t syn soantsje
hoedzje lit syn hiele keppel skiep,
dy hâlde fan dat kreaze mantsje.
Sjoch Jupiter syn eachopslach,
dy krijt de hoeder yn de gaten;
wylst de keppel lûd de needrop jout,
wit Jupiter him te bepraten.
Sjedêr Olympus, op ’e top
moat Ganymedes wyn ynskinke
foar de goaden, ek foar Jupiter,
dy’t hy betsjinnet op syn winken.
Sjoch hoe’t ik myn gemoed optil:
ferlern ha ik myn leaf lyts soantsje,
’k slaan myn eagen op en sjoch syn stjer,
dêryn werken ik ’t kreaze mantsje.
* Cornelis Bisschop (1630-1674)
Skilderij ‘Selsportret’