Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kearn fan Gutenberg

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**



Fan de hichte nei de djipte ta,
fan meteorolooch nei seismolooch,
fan kjeld hiel heech nei hjitte
yn de kearn, hy hold fan twa…

… wittenskippen, skôge earst it waar,
mei eigen eagen nei it hege swurk,
en letter woed er witte
oft de kearn brocht yn gefaar…

… ’t minskdom troch it skodzjen fan de grûn
of ’t gloeiend spul dat út ’e djipte spat;
hy hat der bot fan switten,
mar op ’t lêst de ierdkearn fûn.

Mei Charles Richter socht er nei in skaal
dy’t oanjoech wat de krêft fan ’t skodzjen is,
nei Richter soe dy hjitte…
djipper gie it kearnferhaal.

* Foto ‘Beno Gutenberg’
** Yllustraasje ‘Ierdlagen’

admin

Brief oan Titus 3

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Ik skriuw nochris, Titus, dat dyn taak
op Kreta noch net dien is
salang’t Kretinzers noch net dogge
wat ús al ien en mien is.

Nochris, dus ik skriuw it withoefaak:
wy moatte ús fernije,
wy likegoed as de Kretinzers,
do silst dêroer net swije.

Deljaan moat men ûnder oerheids macht,
jin dêr net tsjin fersette,
want opstean sil de oarder reitsje,
basearre op de wetten.

Goeddwaan, nim dy dieden goed yn acht,
de kâns om út te blinken,
wy likegoed as de Kretinzers,
do silst de wierheid skinke.

* Foto ‘Tsjerke fan Sint Titus’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum