Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gesicht yn de diggel

Keunst

fan Jacob Backer*



No’t ik op jierren kom,
feroaret myn gesicht:
de heuvels wurde heger,
beide dobben justjes djipper,
de bosken kleurje griis,
en gatten groeie ticht.

Elk wit wol hoe dat komt,
’t komt del op it gefoel:
de hichten wurde leger,
alle dagen folle stiller,
de tinzen kleurje griis,
gjin gat hat noch in doel.

Dochs sykje ik derom:
op ’t lêst slacht alles ticht,
de spegel is ek stikken,
mar ik ha noch wol in diggel
dy’t freget: wat is wiis?
Sprekt dat út myn gesicht?

* Jacob Backer (1608/1609-1651)
Skilderij ‘Alde man mei spegeldiggel’

admin

Brief oan Filémon

Bibelbylden

fan Paulus*

Filémon, kristen yn Kolosse,
dy’t it goede foarbyld jout,
beskôgje dit as komplimint;
oan dy is ’t boadskip tafertroud,
do silst der goed op passe.

Ik bin in âlde man, sit finzen,
ha net folle mear yn sicht,
wol pleitsje ’k foar Onésimus
en wiis dy op dyn kristen-plicht:
stap oer de eigen grinzen.

As slaaf hie hy net flechtsje moatten,
siet by dy ek yn de skuld,
as geastlik heit nim ik dy oer;
nim him wer oan en ha geduld,
hy is yn grutskens koarte.

* Part fan de brief oan Filémon

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum