oktober 25, 2019
fan William Frederic Bouguereau*
Wol soargje foar de goede oarder,
want dan giet it libben net ferlern
en sil it oan wolwêzen winne,
wat troch de goaden is te sjen,
sa net, pas op foar wraakgoadinnen.
De Erinyen yn de ierde,
berne út Ouranos’ manlik bloed,
sy dûkten op as wraakgoadinnen
en brochten elkenien yn noed
dy’t yn ’t bestean keas foar it minne.
Sy namen mei de glêde slangen,
kronkeljend de moardners achternei,
dy’t dêrtroch rekken bûten sinnen;
it rjocht keas foar in oare wei,
dy oarder liet gjin moardner rinne.
* William Frederic Bouguereau (1825-1905)
Skilderij ‘Orestes narre troch de wraakgoadinnen’
oktober 24, 2019
fan Hendrick Goltzius*
Dêr leit er útteld op it fjild,
hoefolle swinen hat er sketten?
Fertelle kin er it net mear,
syn bloed waard net fergees fergetten.
Adonis wie in kreaze fint,
by wa’t goadinne Venus swarde,
by heech en leech en kear op kear
bleau sy by him, mar wat doe barde…
… dat bearde lûd, in everswyn
sloech ta en tagelyk in wûne,
Adonis telde doe net mear,
ien minder ûnder de miljoenen.
Foar Venus wie Adonis mear:
ûntelber wiene alle drippen,
Adonis’ bloed wie suver, klear
foar ’t bloeien, neat koe dêroan tippe.
Mei nektar mongen waard in drip
in klaproas troch de jierren hinne
as teken fan de leafde, net
te tellen… sa koe sy beminne.
* Hendrick Goltzius (1558-1617)
Skilderij ‘Stjerrende Adonis’