november 18, 2019
fan Ferdinand Bol*
Kin men better konsul fine
as Fabricius Luscinus
yn de striid tsjin de Sammiten?
Pyrrhos wie de bûnsmaat fan dat folk,
wist net fan mines en fan dines.
Pyrrhos wist him wol te finen
mei in oanbod foar de frede
én grou jild om ta te biten,
mar Fabricius wie net de tolk
fan ûnrjocht, socht it yn ’t morele.
Doe woe Pyrrhos him út lykwicht
bringe mei it stampen fan in
oaljefant, yn Romes kriten
ûnbekend, it stof waard ta in wolk…
Fabricius hold skjinne hannen.
Pyrrhos’ dokter hie in útstel
foar Fabricius Luscinus:
syn pasjint kriich gif yn ’t iten,
mar de konsul spile doe foar tolk
fan wat is mines is ek sines.
* Ferdinand Bol (1616-1680)
Skilderij ‘Fabricius Luscinus yn it legerkamp
fan Pyrrhos’
november 17, 2019
fan William Turner*
Gjin minske wit hoe lang de Donau streamt
by bergen lâns dy’t heger rize
om de rom fan ’t lânskip te besjongen
fier boppe minskelûden út.
Napoleon hat fan de hichte dreamd
om oaren harren plak te wizen,
mar dy ha syn hearskippij besprongen
mei delgong by it einbeslút.
Lit rize wat al iuwenlang bestiet:
it Pantheon op Dútske hichte
om Napoleons ferlies te fieren,
de opgong nei in fûle striid.
Sjong dêrom mei elkoar ’t oerwinningsliet,
mei ynspiraasje waard it dichte:
Us Walhalla is foar sterke spieren,
de frede komt wol mei de tiid.
* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘De iepening fan it Walhalla’