Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kkryst tusken rinfuorgen

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**



Se rûnen jierren troch de fuorgen,
stiene stil om op elkoar te sjitten,
foar de oanfal kamen se derút
om del te sigen yn it farske bloed
op grûn fan heech befel, ’t beslút
dat nommen wie om neat te litten.

De wapens lieten se wol swije
doe’t de klokken yn de krysttiid klonken:
‘Wolkom, berntsje, yn de kâlde stâl,
soldaten binne langer net yn noed,
mar komme út har tsjuster hol
mei lichte holle, swiere skonken.’

Dus lieten se de fuotbal rôlje,
koene frijút rinne, drave, skoppe
sûnder del te sigen yn farsk bloed,
gjinien foldie noch oan in heech befel,
it berntsje fûn it mear as goed…
twa dagen kaam de frede boppe.

* Foto ‘Oanfal út ’e rinfuorge’
** Foto ‘Fuotbalje tusken rinfuorgen’

admin

Brief oan de Hebreeërs 2

Bibelbylden

fan Michelangelo*

Lit ús sjen nei âlde tiden
doe’t Mozes boude oan it hûs
fan God, de tocht troch de woestyn;
der wiene stiennen by de rûs
foar ’t hûs, dêr’t hy ’t folk hinne fierde.

Yn ’t kwea wie ’t folk behurde,
woe bliuwe yn it âlde lân,
net yngean yn de rêst fan ’t hûs,
ferbriek sa de fertrouwensbân
en harke net nei wiere wurden.

Lit ús sjen nei Jezus’ libben,
boumaster fan it hûs fan God,
dy’t nûget: ‘Gean gerêst deryn.’
It leauwich folk komt dêr oan bod,
dat is wêr’t Mozes ek nei stribbe.

* Michelangelo (1475-1564)
Byld ‘Mozes’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum