november 29, 2019
fan Rembrandt*
Zephyros, wat hasto mei Cloris dien,
de nimf op waast fereale wiest;
do sietst har achternei
en krigest har te pakken…
dat wie net it iennichst watsto diest.
Zephyros, ’t hert fan dy wie net fan stien,
waardst fan har dwaan en litten waarm,
mar woest in ommeswaai,
har heger transformearje
ta goadinne Flora, net mear faam.
Goadinne Flora, as in blom yn ’t grien,
woe Hera helpe oan in soan,
mar sûnder Zeus syn sie;
’t kaam del op it formearjen
fan god Ares, wat foldie har skoan.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Flora’
november 27, 2019
fan ûnbekend*
Wa wurdt ta hegepryster roppen?
Hy dy’t stiet folslein yn ’t rjocht
dat boppe ierdske machten útgiet,
rjocht de rêch hâldt yn ’t bestean,
syn opdracht komt fan boppen.
Lit Melchisédek yn ’t ferline
’t foarbyld wêze fan it ljocht
dat fan in hegepryster útgiet:
Abraham bleau foar him stean,
dat ljocht soe him beskine.
Fan Melchisédek giet it fierder:
Kristus dy’t ek frede brocht;
ta hegepryster waard Hy roppen
om yn tsjinst fan God te stean,
mei rjocht wie Hy de siedder.
Ikoan ‘Melchisédek’