Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fan it plak

Lyrysk Deiboek

Te lang hat hy by ’t spoardok stien,
wat er yn himsels faak sei,
hy moast it mei in lege mage dwaan,
de skoalbern woene him gjin fretten jaan.

De brêge brocht har wol op wei,
streekrjocht nei syn steanplak ta;
de miuwen fochten om it bernemiel,
hy stie dêr mar mei ’t liif fan rustfrij stiel.

Mar yn in sliepeleaze nacht
hie hy skjin syn nocht fan ’t stean,
syn fêste poaten loek er ien foar ien
omheech, sa sterk as stiel klom mei de stien.

In lange dei hat hy dêr stien,
want gjin poat kriich hy fan ’t plak,
de skoalbern rûnen narjend by him lâns,
fan ’t warber wurkfolk kriich er noch in kâns.

admin

Kearn fan Gutenberg

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**



Fan de hichte nei de djipte ta,
fan meteorolooch nei seismolooch,
fan kjeld hiel heech nei hjitte
yn de kearn, hy hold fan twa…

… wittenskippen, skôge earst it waar,
mei eigen eagen nei it hege swurk,
en letter woed er witte
oft de kearn brocht yn gefaar…

… ’t minskdom troch it skodzjen fan de grûn
of ’t gloeiend spul dat út ’e djipte spat;
hy hat der bot fan switten,
mar op ’t lêst de ierdkearn fûn.

Mei Charles Richter socht er nei in skaal
dy’t oanjoech wat de krêft fan ’t skodzjen is,
nei Richter soe dy hjitte…
djipper gie it kearnferhaal.

* Foto ‘Beno Gutenberg’
** Yllustraasje ‘Ierdlagen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum