Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tonger

Keunst

fan Georg Gilles van Haanen*
fan Hermanus Koekkoek**



It is deastil,
gjin tear noch op it wetter,
beide seilen hingje slop,
gjin beam rûst op ’e wyn,
de stimmen klinke fier,
de wjerklank fan de wil:
de gong deryn!

De loft set op,
it waar wurdt der net better
op mei dêr in wolkekop
dy’t oer it blauwe glydt,
skier kleuret de rivier,
it silen wurdt ta strop,
it seil krijt spyt.

De bui glydt fuort,
it is mar efkes letter
of de westewyn stekt op
en jaget oer it wiet,
dat beart lykas in dier
en spuit it wite guod…
it spul fergiet.

* Georg Gilles van Haanen (1807-1879)
Skilderij ‘Riviersicht mei tongerwolken’

** Hermanus Koekkoek (1815-1882)
Skilderij ‘Stoarm op ’e Easterskelde’

admin

Brief oan de Hebreeërs 6

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Wês net as yn ’t ferline
Ezau dy’t syn rjocht ferlear
of letter ’t folk fan Israel,
sy seagen ’t rjochte paad net mear
en wiene as ferbline.

Jim binne noch nea kommen
by de Sinaï, dêr’t God
Him sjen liet yn in lôgjend fjoer
en spriek yn tonger, ’t wie doe wat…
it hiele folk ferstomme.

Jim hawwe rûn op oare
paden nei de himelstêd
Jeruzalem, op Gods bestel,
dêr wurdt elk oan it gastmiel sêd
mei ’t liet fan ingelkoaren.

* Yllustraasje ‘It nije Jeruzalem’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum